Frisia Financieringen
9.1
1058 mensen geven ons een 9.1

Jild liene

Hoe wurket jild liene yn Nederlân? By Frisia kinst ferskate banken fergelykje en jild liene tsjin de leechste rinte fan Nederlân.
Wy binne net bûn oan in bepaalde bank en wurkje dêrtroch folslein ûnôfhinklik. Hjirtroch biede wy altyd de offerte oan tsjin de skerpste rinte en de bêste betingsten.

Frisia Financieringen

Frisia is de grutste bemiddeler foar lieningen yn Nederlân. We bemiddelje foar banken dy’t har spesjalisearre ha yn konsumptyf kredyt, hjirtroch kinne wy klanten de leechste rinte fan Nederlân oanbiede.
Jild liene is mooglik mei in rinte fan 3,5% ôf. Dizze histoarysk lege rinte stiet foar de hiele rintiid fêst, dêrtroch hast garandearre de hiele rintiid fan de liening dizze lege rinte.

Online liening oanfreegje

It ôfsluten fan in liening giet by Frisia folslein online. It foardiel fan online in liening ôfslute is datst wiidweidich ferskate banken fergelykje kinst en hjir ek rêstich de tiid foar nimme kinst. By it oanfreegjen fan de liening kinst it folgjende sels bepale:

  • Hokker bedrach wolst liene?
  • Yn watfoar rintiid wolst de liening werombetelje?
  • Hokker lieningsfoarm kiest? As lieningsfoarm kinst kieze tusken in trochrinnend kredyt en in persoanlike liening.

Ferskil tusken trochrinnend kredyt en persoanlike liening

Om in goede kar te meitsjen foar de lieningsfoarm ha we de eigenskippen fan de beide lieningsfoarmen op in rychje setten.

Persoanlike liening

  • Fêste rinte foar de folsleine rintiid fan ‘e liening
  • Fêste moanlikse termyn
  • Fêste rintiid fan ‘e liening
  • Boetefrij ekstra ôflosse

Mear dan 90% fan ús klanten kiest foar in persoanlike liening.

Trochrinnend kredyt

  • Fariabele rinte
  • Fêste moanlikse termyn
  • Rintiid stiet net fêst
  • Fergees ôfloste bedragen wer opnimme
  • Boetefrij ekstra ôflosse

Hoe wurket liene by Frisia?

  • Hast al in rinnende liening? Dan kinne we foar dy berekkenje hoefolle jild ast besparje kinst troch dizze liening by Frisia oer te sluten nei in oare bank. Folje hjirfoar it oanfraachformulier yn.
  • Wolst in nije liening ôfslute? Dan kinst mei it digitale oanfraachformulier dizze nije liening oanfreegje.
  • Neidatsto it oanfraachformulier ynfolle hast, stjoere wy dy frijbliuwend en fergees in offerte ta.
  • Bist akkoart mei de offerte? Dan stjoerst dizze offerte tekene oan ús werom, mei de oanfrege dokuminten taheakke.
  • Wy kontrolearje de dokuminten en fersykje de bank om de liening oan dy út te beteljen.

Fergoeding Frisia Financieringen

Wy rekkenje gjin kosten foar it ôfsluten fan de liening, dit dogge we dus fergees foar dy. Foar it bemiddeljen fan de liening krije we in fergoeding fan ‘e bank. Mear ynformaasje oer de hichte fan dizze beleanning kinst weromlêze yn ús tsjinstenwizer.